Harns krijt stroffelstiennen

20 aug 2012 - 12:23
  • Publike belangstelling by lizzing oarlochsstiennen yn Harns
  • Lizzing fan de stroffelstien yn Harns
  • Stiennen mei nammen omkommen Joadske Harnzers

Yn Harns wurde moandei 45 saneamde stroffelstienen lein mei de nammen fan Joadske oarlochsslachtoffers. Dy binne ophelle troch de Dútsers en yn konsinstraasjekampen om it libben kaam. It Centraal Comite 1945 en de Vereniging Oud Harlingen hawwe regele dat de stiennen der kamen.

It spesjale is dat de stiennen foar de huzen lizze dêr't de Joadske slachtoffers eartiids wennen. Foar elk lid fan de húshâlding is der ien stien. Yn Snits lizze ek al stroffelstiennen.

Neibesteanden út it hiele lân en sels út oare lannen binne nei Harns kaam om de stienlizzing mei eigen eagen te sjen. Op de lytse stiennen fan giel messing stean de gegevens fan harren famyljelid.

It idee fan de betinkingsstiennen is fan de Dútske keunstner Gunther Demnig. De 'Stolpersteine' lizze yn ferskate plakken yn hiel Europa. Demnig wol mei syn projekt de herinnering oan it fuortheljen fan Joaden en oare befolkingsgroepen libbendich hâlde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)