Harns krijt stroffelstiennen

05 jan 2012 - 21:47

Der komme yn Harns stroffelstiennen as monumint foar de 46 yn de oarloch ombrochte Joaden út de stêd. Dat hawwe de feriening Oud Harlingen en it Centraal Comité 1945 bekend makke. Yn novimber kamen se mei it plan om sokke stroffelstiennen yn de stêd del te lizzen, ien foar elke Joad dy't yn de oarloch omkommen is. Mei dank oan giften fan Harnzers en âld-Harnzers hawwe se no de 6000 euro by elkoar.

Der is sa'n soad jild binnenkommen dat ek it ûnderhâld foar de earste jierren betelle wurde kin. De ferwachting is dat yn augustus de stiennen pleats wurde kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)