Harns krijt folle minder jild út gemeentefûns

11 jun 2015 - 12:57
  • Gemeente Harns

De gemeente Harns krijt foars minder jild fan it Ryk. Dat docht bliken út de nije berekkenings foar de útkearing út it Gemeentefûns. Dat is de Ryksútkearing foar gemeenten. Harns moat 29 euro de ynwenner ynleverje. Dat smyt in tekoart op fan in heal miljoen euro dit jier, oprinnend oant 1 miljoen euro yn 2019.

De gemeente wol dat opheine troch de reserves yn te setten. Harns is net de ienniche gemeente dy't ynleverje moat. Ek Kollumerlân en Dantumadiel moatte rekken hâlde mei minder ynkomsten.

Dochs falt de nije berekkening net yn alle gefallen min út. Sa stelt boargemaster Bilker dat út oare fûnsen wei genôch jild weromkomt. Littenseradiel springt der posityf út. Dy gemeente krijt 15 euro de ynwenner mear. Dochs is wethâlder Bonnema net fan doel om de flagge út te stekken. Ut oare potsjes foar bygelyks de bystânsútkearings komt minder jild binnen. Amtners op it gemeentehûs yn Wommels binne op dit stuit noch drok oan it rekkenjen wat de finansjele konsekwinsjes krekt binne.

De gefolging fan de nije berekkening foar de Fryske gemeentes op in rychje:
Harns -29 euro
Kollumerlân -21 euro
Dantumadiel -20 euro
Skiermûntseach -16 euro
It Bilt -12 euro
Dongeradiel -11 euro
Ljouwerteradiel -11 euro
Achtkarspelen -10 euro
Smellingerlân -9 euro
Ljouwert - 8 euro
Flylân -8 euro
Frjentsjerteradiel -7 euro
Hearrenfean -1 euro
Eaststellingwerf +1 euro
Ferwerderadiel +1 euro
Súdwest-Fryslân +2 euro
Opsterlân +3 euro
Menameradiel +6 euro
Weststellingwerf +6 euro
Tytsjerksteradiel +8 euro
Fryske Marren +12 euro
Amelân +12 euro
Skylge +13 euro
Littenseradiel +15 euro

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)