Harns is klear foar Alvestêdetocht

15 des 2014 - 19:52
  • De klúnbak fan Harns

It rayon Harns is klear foar de Alvestêdetocht. As der in farferbod komt, wurdt fuortendaliks in 30 meter lange klúnbak fan polyester oer it Van Harinxmakanaal lein. De riders kinne dan feilich oer de skossen fan it kanaal komme.

De bak is eigendom fan it rayon Harns. It is de earste yn syn soart, mar as oare rayons ien bestelle wolle kin dat. De bak wurdt der fier foardat de Alvestêdetocht ferriden wurdt al dellein. Riders fan oare toertochten kinne der ek gebrûk fan meitsje.

De klúnbak kostet 10.000 euro en is betelle troch de gemeente Harns en it Alvestêdebestjoer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)