Harns kin ôffaloven net keare

06 des 2006 - 23:06

De gemeente Harns hat net folle ynfloed at it giet oer de komst fan in ôffaloven dy't Omrin yn dy gemeente bouwe wol. Dat sei wethâlder Waaijer woansdei yn de ried yn antwurd op fragen fan it CDA. Om't it besteande bestemmingsplan de komst fan in oven tastiet, is de ried yn feite al akkoart.

Der is in soad wjerstân yn de gemeente tsjin de oven. Omwenjenden binne benaud dat der kwealike stoffen frijkomme sille.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)