Harns jout 10.000 euro

25 des 2012 - 14:38
  • Harns biedt sjek oan by Serious Request yn Enschede

De aksje foar Serious Request yn Harns hat dit jier yn 12 oeren tiid in bedrach fan 10.000 euro opsmiten. Ferline jier wie it noch 24 oeren en doe kaam der itselde bedrach út. De Harnzers koene mei allehanne aksjes yn it foar al jild by-inoar garje. Sneon wie it fan 12 oant 12 Glêzen-Hûs-dei. Rederij Doeksen hie de terminal beskikber steld en de Harnzer hoareka, it Reade Krús en de KNRM diene ek mei.

De organisatoaren hawwe de 10.000 euro om 12 oere dyselde nacht noch fuortendaliks nei Enschede brocht nei it lanlike Glêzen Hûs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)