Harns hâldt jild oer

27 maaie 2003 - 00:00

Harns hat ferline jier goed twa ton oerhâlden as gefolch fan finansjele tafallers. Yn 2001 hâlde de gemeente hast fjouwer ton oer.

De gemeente besleat earder dit jier om de tafallers fan it grûnbedriuw net mear te bewarjen foar mindere tiden yn de grûnferkeap. Harns kin dêrom ek goed oardel miljoen byskriuwe by de ynvestearingsreserve. De ried kin dit jild letter brûke om tsjinfallers op te fangen of nije saken fan te beteljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)