Harns goed taret op superstoarm

11 maaie 2004 - 00:00

De binnendoarren yn de wetterkearing yn Harns binne fernijd. Rykswettersteat hat de houten doarren ferfongen troch stielen. De nije binne ek wat heger as de âlde. De dynamyske oandriuwing is ferfongen troch in hydraulyske.

Foar takom hjerst, as it stoarmseizoen wer begjint, moatte ek de bûtendoarren fernijd wêze. De fernijing is nedich om't binnen 10.000 jier in superstoarm ferwachte wurdt troch it hegere wetter en it broeikaseffekt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)