Harns: gjin rûlette foar kultuer

04 mrt 2003 - 00:00

De gemeenteried fan Harns giet net akkoart mei in gokhal yn teater Trebol. Dat seit boargemaster Arlman. Eigner Gerstel wol Studio Trebol ferkeapje oan JVH Amusemintssintra dy't der fyftich automaten delsette wol. Yn 'e hal kin kin ûnder oare rûlette of bingo spile wurde.

De ynkomsten út 'e automatehal wurde brûkt foar it ynstânhâlden fan it kulturele sintrum. Sa moatte der wer teaterselskippen nei Harns komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)