Harns gearwurkje mei Ljouwert

10 okt 2011 - 21:32
  • Fraksjefoarsitter Hein Kuiken fan de PvdA yn Harns

De gemeente Harns moat yntinsyf gearwurkje mei de gemeente Ljouwert. Harns kin dan selsstannich bliuwe. Dat fynt de PvdA yn de havenstêd. Op in partijgearkomste die moandei bliken dat nimmen wat sjocht yn it plan fan it kolleezje om te fusearjen mei Littenseradiel, Frjentsjerteradiel, Menameradiel en It Bilt.

Neffens fraksjefoarsitter Hein Kuiken leit gearwurking mei Ljouwert foar de hân. De problemen fan Harns binne te fergelykjen mei dy fan Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)