Harns freget om namme amtner

03 sep 2002 - 00:00

Harns wol de namme witte fan de parlemintêre enkêtekommisje fan 'e amtner dy't in reis nei Suriname oannaam hie fan Ballast Nedam. Eigen ûndersyk hat noch neat opsmiten. Moandei waard it gefal neamd by de parlemintêre enkête, lykwols sûnder namme. Om't it om fertroulike stikken giet, moat de kommisje oer it frijjaan fan 'e identiteit fan 'e amtner beslute.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)