Harns: fertsjinje oan parkeare

09 mrt 2011 - 16:07
  • De gemeente wol mear jild oerhâlde oan it parkearen

It parkearen yn Harns moat de gemeente mear jild opsmite. Dat wolle alteast boargemaster en wethâlders. De ried moat der noch wol oer prate. De ekstra ynkomsten binne nedich omdat ek ekstra jild útjûn wurde moat oan it parkearen yn Harns. Sa binne mear parkearplakken nedich en moatte de besteande better brûkt wurde.

Earder koene boargers en oare belanghawwenden by in meldpunt oanjaan wat better moat en kin mei it parkearen yn de stêd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)