Harns bout âlde wagon om as sanitêr foar toeristen

16 mrt 2016 - 11:05
  • It giet om de wagon yn de sirkel
  • De wagon út 1932
  • In ympresje fan de yndieling fan de wagon

De gemeente Harns hat in seldsume treinwagon kocht, dy't yn de jierren '50 en '60 op it spoar tusken Harns en Ljouwert ried. Harns wol de spoarwein brûke as sanitêrgebou yn de Willemshaven. Harns wol fan it gebiet mear in ferbliuwsplak foar toeristen meitsje.

Der binne op de hiele wrâld noch seis fan dizze wagons, dy't yn 1932 boud binne. De gemeente Harns is grutsk dat it slagge is om krekt ien fan dizze wagons werom te heljen. De wagon wurdt ynkoarten omboud en kin dan fan 2017 ôf brûkt wurde.

Wethâlder Le Roy is tige ynnommen mei de komst fan de wagon nei de Willemshaven: “De Willemshaven wordt ontwikkeld tot een verblijfplaats voor bezoekers en bewoners. Dat juist déze treinwagon wordt omgebouwd tot een aansprekende sanitaire unit, is een aanwinst voor het gebied én voor Harlingen. De wagon past uitstekend bij de sfeer die wij in de Willemshaven voor ogen hebben.”

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)