Harns bepraat bestjoerskrisis

16 aug 2012 - 17:21

Yn Harns wurdt tongersdeitejûn praat oer de oplossing foar de bestjoerskrisis. Der moat socht wurde nei in riedsmearderheid dy't in koersdokumint opstelle kin. Inisjatyf leit by de opposysjepartijen PvdA, CDA en VVD. Koartlyn spatte de koälysje útmekoar. Frisse Wind sei it fertrouwen yn it kolleezje op. Yn it koersdokumint moatte ôfspraken fêstlein wurde dêr't de ried oant de folgjende ferkiezings op ynsette sil. De earste partijen dy't oanskowe binne Harnzer Belang, GrienLinks en D66.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)