Harnassen fan keramyk

23 mrt 2012 - 10:44

Tichelaar yn Makkum makket harnassen fan keramyk foar it nije provinsjehûs. Keunstner Hans van Houwelingen út Amsterdam hat de harnassen ûntworpen, Tichelaar fiert se út op wiere grutte.

It giet om alve harnassen, mei op elk it wapen fan in Fryske stêd. Se krije in pronkplak flakby de steateseal. Ein maaie moat it klear wêze by de offisjele iepening fan it nije provinsjehûs. Der is in heal jier wurke oan de stiennen harnassen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)