Harmonie moat beakens fersette

12 jul 2011 - 15:28

Skouboarch Harmonie yn Ljouwert moat yn 2012 en dêrnei alle jierren 375.000 euro besunigje. It kolleezje fan Ljouwert hat dit witte litten. De gemeente tinkt dat dat kin troch it oanpassen fan de programmearring en it ferbetterjen fan de hoarekaresultaten.

De Harmonie ferwachtet oer 2011 in ferlies fan 300.000 euro. Dat tekoart moat de gemeente bypasse, want dat is de ôfspraak. De Harmonie en de wethâlder wolle noch neat oer de saak sizze, salang't it oerlis noch rint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)