Harmonie: minder kaarten

29 sep 2004 - 10:22

Stedskouburch De Harmonie yn Ljouwert hat fiif persint minder kaarten ferkocht as ferline jier. Direkteur Oostvogel tinkt dat dat komt troch de ekonomykse resesje. Minsken hawwe minder jild oer foar in foarstelling yn it teater. De direkteur ferwachtet dat it troch de ferkeap fan losse kaarten dochs noch goedkomme sil. De prizen fan de kaartsjes ferleegje wol de Harmonie net. Faaks wurde de drankjes wol wat goedkeaper.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)