Harmonie komt mei tydskrift

08 sep 2003 - 00:00

Kickz is de namme fan in nij tydskrift foar jongeren. It blêd skriuwt oer popmuzyk, film en teater yn Ljouwert en omkriten. Kickz is in inisjatyf fan skouboarch De Harmonie.

It magazine is fergees en komt trije kear yn it jier út. De kommende wiken wurdt it ferspraat ûnder studinten en by opliedingen. Doel is om by de gearstalling fan nije nûmers ek jongeren te freegjen om artikelen te skriuwen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)