Harmonie: koarting studinten

18 des 2008 - 22:32

Studinten kinne fan 1 jannewaris ôf mei koarting nei stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert. Op fertoan fan in jildige studintepas krije studinten fyftich prosint koarting. Dat jildt fan in kertier foar it begjin fan de foarstelling ôf.

De Harmonie is it earste Fryske teater dat mei de koartingsregeling foar studinten komt. Yn oare studintestêden wurdt de koarting al wol jûn. De Harmonie hopet mei de regeling mear studinten nei it teater te krijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)