Harmonie hoecht byld fan Tetman net werom

01 maaie 2015 - 10:29
  • It byld fan Tetman de Vries

Stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert hoecht it byld fan de Fryske kabaretier en revu-artyst Tetman de Vries net werom. Dat seit direkteur Arthur Oostvogel. It byld stie oant yn 2006 yn de foyer. It waard dêr weihelle doe't der in nije flier yn komme moast. Dêrnei hat it byld in skoft by histoarysk-literêr dokumintaasjesintrum Tresoar yn Ljouwert yn de opslach stien.

Earder dizze wike waard bekend dat it brûnzen byld fan Tetman de Vries in tydlik plak krijt yn sealesintrum Grut Terhorne yn Bitgummole. Dêr is er berne.

De Harmonie krige it byld yn 1994 fan 'de Fryske befolking'. It kaam ta stân nei in ynsammelingsaksje. Tetman de Vries syn ferneamdste stik wie de revu De tiid hâldt gjin skoft.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)