Harmonie hat mear jild nedich

14 jun 2011 - 12:11

Stedsskouboarch De Harmonie skrast foarstellings as de gemeente Ljouwert net mei ekstra jild oer de brêge komt. Dat seit direkteur Arthur Oostvogel fan De Harmonie. De stedsskouboarch komt al jierren struktureel jild tekoart. De reade sifers binne op it stuit al oprûn oant ien miljoen euro.

As de gemeenteried fan Ljouwert gjin ekstra subsydzje beskikber stelt is De Harmonie twongen om yn de programmearring te skrassen, seit direkteur Arthur Oostvogel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)