Harm Zeinstra yn de goal tsjin PSV

11 sep 2015 - 16:35
  • Harm Zeinstra

Harm Zeinstra stiet sneon yn de goal by SC Cambuur. De Fries nimt it plak oer fan Leonard Nienhuis dy't yn de útwedstriid tsjin Vitesse wiksele waard. Beide spilers meie fan de klup net mei de media prate om't de fokus lizze moat op de kommende wedstriid tsjin PSV. Ferdigener Vytautas Andriuskevicius is werom fan in blessuere oan syn hamstring en begjint nei alle gedachten yn de basis. Yn de oanfal liket Martijn Barto in kâns te krijen yn de spits yn stee fan Bartholomew Ogbeche.

Trainer Henk de Jong moat Pereira en Peersman noch misse, middenfjilder Jack Byrne sil moandei by de beloften wer yn aksje komme. Mei 14 tsjintreffers yn fjouwer wedstriden is de definsje fan de Ljouwerters de meast passearde yn de earedivyzje. SC Cambuur stiet no 17e mei 1 punt, PSV is de nûmer seis mei 8 punten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)