Harm Adema kin bêste foardrage

10 apr 2008 - 11:25

Harm_Adema út Ljouwert hat woansdei de lanlike priis foar de bêste foardracht wûn. Hy droech it selsmakke gedicht Bres foar. De winner sit op basisskoalle De_Sprong yn Ljouwert.

Oan de finale fan VERS diene 22 bern mei, elk mei in sels skreaun fers. In sjuery hie de finalisten út tûzenen ynstjoeringen selektearre. De fersen wiene ynspirearre op wurk fan de nominearre dichters foar de VSB-Poëzieprijs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)