Harlem Shake Saailân is 'fol'

15 feb 2013 - 14:52
  • Harlem shake
  • De oprop foar de Harlem Shake op it Saailân

De organisaasje fan de saneamde Harlem Shake, snein op it Saailân yn Ljouwert, mei dielnimmers net mear oproppe om te kommen. Dat hat de organisaasje ôfpraat mei de gemeente Ljouwert. De Harlem Shake is in hype op ynternet. Op it nûmer Harlem Shake wurdt in fideoklip fan 30 sekonden makke, mei minsken dy't mei frjemde klean of foarwerpen bewege of dûnsje.

Foar it opnimmen fan de fariant yn Ljouwert is gjin fergunning oanfrege, wylst dat by in evenemint fan mear as 300 minsken wol moat. Op Facebook binne al 600 oanmeldingen kommen.

De organisaasje twifelet lykwols oft dy wol allegear komme. Ek de plysje is snein ekstra alert. Sûnt de Facebookrellen yn Haren binne plysje en gemeenten ekstra alert op eveneminten dy't op 'e social media oankundige binne. De organisaasje hat tasein it koart te hâlden en de klip sa fluch mooglik op te nimmen. Yn Nederlân binne al in grut oantal farianten fan de Harlem Shake makke. Ek fuotbalklup Cambuur yn Ljouwert hat in fariant makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)