Harlem Shake op Saailân

17 feb 2013 - 15:00
  • Harlem Shake yn Ljouwert

Fiifhûndert minsken hawwe sneintemiddei op it Saailân yn Ljouwert de Harlem Shake dûnse. Dat is op 't heden in grutte hit op ynternet. Rûnom wurde filmkes makke fan de dûns. De bedoeling is dat yn 30 sekonden safolle mooglik minsken sa gek mooglik dogge.

De organisaasje yn Ljouwert woe fan de Ljouwerter Harlem Shake de grutste fan de wrâld meitsje en hie derom ferskate oproppen pleatst op ynternet en by ferskate sosjale media. Mei rûchwei 500 dielnimmers is it yn elts gefal ien fan de grutsten fan Nederlân.

It filmke fan de dûns komt no op YouTube te stean en de organisaasje hopet dat miljoenen minsken it filmke oanklikke sille.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)