Harksit oer lytse skoallen

26 feb 2013 - 14:52
  • In lytse skoalle

De harksit fan de ChristenUnie foar it behâld fan lytse skoallen yn Fryslân wurdt hâlden op moandeitejûn 11 maart yn Jirnsum. De politike partij sil de barrikaden op om sluting fan skoallen mei minder as hûndert learlingen tsjin te gean. Lanlik wurdt op 14 maart in harksit hâlden, yn Fryslân dus trije dagen earder.

Minsken út it ûnderwiis wurde útnoege om op de jûn harren miening te jaan oer it advys fan de Underwiisried. Fan de ynformaasje stelt de ChristenUnie in rapport op. De partij sil dêrmei nei Den Haach.

De Underwiisried hat it adys jûn om skoallen ûnder de hûndert learlingen ticht te dwaan. Dan soene yn Fryslân in hiel soad lytse skoallen ticht moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)