Harksifers Omrop Fryslân Radio wer yn de lift

30 jan 2016 - 07:00

De harksifers fan Omrop Fryslân sitte yn de lift. Omrop Fryslân Radio is sûnt de twadde helte fan 2015 wer fierwei merklieder yn Fryslân. Yn de earste helte fan it jier kaam de Omrop mei in nije radioprogrammearring. De harksifers binne dêrnei sûnt july hieltyd fierder omheechgien.

Omrop Fryslân is de iennichste regionale stjoerder mei groeiende harksifers yn novimber en desimber. Nettsjinsteande de konkurrinsje fan de Top 2000 fan Radio 2 en het Glazen Huis fan 3FM yn  bleau OF Radio mei in oandiel fan 16,5 % in krêftige merklieder.

Sûnt Omrop Fryslân yn maart de nije radioprogrammearring trochfierde binne de harksifers yn de perioade novimber/desimber foar de fiifde kear op rige omheechgien yn de mjittingen. Haadredakteur Klaas Geert Bakker: ''Ik bin tige bliid mei ús radiosifers fan de lêste moannen. Omrop Fryslân sit dúdlik yn de lift. De nije radioprogrammearring dêr't wy mei ús allen alle dagen hiel hurd oan wurkje, slacht dúdlik oan by it publyk. Dat is prachtich, want dêr dogge je it dochs foar.'' De wurdearring foar de radioprogrammearring komt ek ta utering yn it trochsneed rapportsifer dat it publyk oan de radioprogramma's jout: in 7,5.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)