Harkiten bliuwe yn gefaresône

05 maaie 2012 - 16:42

Harkemase Boys hat de lêste thúswedstriid mei 2-1 ferlern fan HHC. Op in winich sportpark De Bosk seagen de taskôgers de Harkiten al nei acht minuten spyljen op efterstân kommen. Nei in goed healoere kaam de lykmakker fan de foet fan Marcel Pannekoek, dy't de klup nei dit seizoen ferlit.

Nei it skoft hienen de Boys it bettere fan it spul. Johnson Bacuna krige twa grutte kânsen op de 2-1. Dochs wie it HHC dat út de counter yn de 60e minút de winnende treffer binnenskeat. Nettsjinsteande de kriich by de Boys, bleau de lykmakker út.

Troch it ferlies fan de Harkiten en de winst fan degradaasjekonkurrint Barendrecht steane de Boys noch altyd op it promoasje-degradaasje-plak. De ploech fan Bert Hollander moat nije wike yn Genemuiden in punt behelje om wis te wêzen fan de neikompetysje, wêryn't se fjochtsje sille topklasser te bliuwen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)