Harkiten winne twastriid

14 des 2013 - 16:03
  • Harkemase Boys wint Fryske twastriid fan Drachtster Boys

De Fryske derby tusken Drachster Boys en Harkemase Boys is sneon mei 2-0 in proai wurden foar de ploech fan trainer Willem Brouwer. Op in tsjokfol sportpark Drachtster Bosk moast it publyk lang wachtsje op doelpunten. Roel van der Meulen wie oant twa kear ta tichtby de iepeningstreffer foar de Harkiten. Ek de Drachtsters wienen gefaarlik mei in kopbal fan Iloba Achuna.

Nei rêst iepene Arton Musliu de skoare, wêrnei't Johnsen Bacuna rap dêrnei foar de einstân tekene. Drachtster Boys einige de striid mei 10 man nei twa kear giel foar Achuna.

Troch de winst komt Harkemase Boys op 27 punten út 13 wedstriden. Dêrmei klimt de ploech fan Willem Brouwer nei it 2e plak yn de sneonshaadklasse C. Drachtster Boys bliuwt stykjen op 14 punten út 13 wedstriden, goed foar it 10e plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)