Harkiten pakke punt by ACV

30 nov 2013 - 16:33

Harkemase Boys die sneon goede saken mei it 3-3 lykspul tsjin koprinner ACV. Yn Assen sette Robin Huisman de Jong de Boys fan 11 meter op 1-0. Op slach fan rêst kaam ACV op likense hichte. Heine Uuldriks profitearre nei it skoft fan in flater by de ACV-keeper en koe ienfâldich de 2-1 binnen tikje.

Twa minuten foar de ein kaam ACV opnij op likense stân. Efkes like it mis te gean, doe't de koprinner yn ekstra tiid de winnende treffer op it boerd sette. Jordy van Wijk sleepte yn in tumultueus slot in swier befochten punt út it fjoer.

Troch it lykspul stiet de ploech fan trainer Willem Brouwer op 23 punten út 11 wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)