Harkiten pakke kompetysjepunt

15 sep 2012 - 16:41
  • Harkemase Boys

Harkemase Boys hat sneon 1-1 lykspile tsjin Nunspeet. De Harkiten hienen it bettere fan it spul, mar wisten dit oerwicht net om te setten yn doelpunten. Yn de 72e minút wie it de thúsploech út Nunspeet dy't foar de iepeningstreffer tekene. Dêrnei moasten de Harkiten boppedat mei 10 man fierder neidat Jonhsen Bacuna 2x giel krige.

It wie ferdigener Jasper Valentijn dy't yn de 79e minút foar nije kriich soarge doe't er de lykmakker binnenskeat. Yn in spannende slotfaze wisten de Boys net fierder troch te drukken.

It lykspul smyt it earste kompetysjepunt op foar de ploech fan trainer Willem Brouwer, dy't noch altyd ûnderoan stiet yn de haadklasse C.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)