Harkiten pakke 3e oerwinning

17 nov 2012 - 16:28

Harkemase Boys hat sneon mei 4-2 wûn fan NSC. De Harkiten hienen in poerbêste start yn Nijkerk. Yn de 8e minút wie it Johnsen Bacuna dy't de Boys op 1-0 sette. De Harkiten krigen folop kânsen, mar fersommen de skoare fierder út te wreidzjen. Krekt foar rêst wie it wol rekke foar NSC.

Nei it skoft sette Age Hains Boersma dy't de Harkiten opnij op foarsprong. Efkes like it noch spannend te wurden, doe't NSC mei noch 20 minuten te gean op 2-2 kaam. Yn de slotfaze smieten treffers fan Raymond Bolt en Heine Uuldriks de wedstriid yn it slot.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)