Harkiten net fierder as 1-1

11 maaie 2013 - 16:56
  • Harkemase Boys spilet lêste thúswedstriid lyk tsjin Berkum
  • Harkemase Boys spilet lêste thúswedstriid lyk tsjin Berkum
  • Harkemase Boys spilet lêste thúswedstriid lyk tsjin Berkum

Harkemase Boys hat de lêste wedstriid fan it seizoen mei 1-1 lykspile tsjin Berkum. Op sportpark De Bosk sette Roel van der Meulen de Harkiten krekt foar rêst op foarsprong. De lykmakker fan Berkum foel in minút letter, wêrtroch't beide ploegen de klaaihokken opsochten by in stân fan 1-1.

Nei rêst wisten beide ploegen net mear ta skoaren te kommen en moasten se de punten diele. Harkemase Boys wie nei de winst ferline wike by VVOG al wis fan liifsbehâld yn de haadklasse.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)