Harkemaster pakt mei drugs

02 feb 2014 - 12:06

De plysje hat in man fan 20 út De Harkema oanhâlden fanwege drugsbesit. By de sportfjilden oan de Fjouwerhústerwei yn Surhústerfean stie justerjûn let in auto mei fjouwer manlju dêryn. By kontrôle fûn de plysje twa pûdsje mei nei alle gedachten speed. Der waard ek in buiske mei GHB oantroffen, allegearre fan de man fan De Harkema.

De manlju binne by de plysje bekend as it om drugsgebrûk giet. De Harkyt is oerbrocht nei it plysjeburo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)