Harkemase Boys yn KNVB-beker

01 maaie 2010 - 16:49
  • Trainer Henk de Jong

Sneonshaadklasser Harkemase_Boys hat royaal wûn fan Flevo_Boys. Op De Bosk waard it 5-2 foar de Harkiten. De ploech fan trainer Henk_de_Jong kaam noch wol op in 1-0 efterstân.

Trije doelpunten fan Martijn_Barto, ien fan René_van_der_Weij en ien fan ynfaller Marten_Nicolai soargen foar de 5-2 einstân. Troch dizze oerwinning pakte Harkemase Boys de twadde perioade en mei de ploech takom seizoen wer meidwaan oan it grutte KNVB bekertoernoai.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)