Harkemase Boys yn finale

11 jun 2011 - 16:30

Harkemase Boys sit foar it earst yn de lanlike bekerfinale. Yn de heale finale wûnen de Harkiten sneon yn Veldhoven mei 6-0 fan UNA. By it skoft stie it 2-0 troch doelpunten fan Tony Alberda en Dennis Krohne.

Nei it skoft rûn it folle sterkere Harkemase Boys út nei 6-0. Oebele Schokker miste noch in penalty, mar Tony Alberda skeat de rebound deryn. UNA miste ek in penalty. Tsjinstanner fan de Boys yn de finale wurdt Achilles 29 út Groesbeek.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)