Harkemase Boys wint yn slotsekonden fan VVOG

10 okt 2015 - 16:35
  • Jorco van Hezel makket de winnende

Harkemase Boys pakte sneon de fjirde oerwinning fan it seizoen. Yn Hurderwyk wûn de ploech fan trainer Jan Vlap yn de slotsekonden mei 3-2 fan VVOG. Nei in healoere kopte Arton Musliu de Boys op foarsprong. Fiif minuten letter stie de 1-1 al wer op it boerd. Yn ekstra tiid soarge Robert Stelpstra foar de 1-2 rêststân.

Nei rêst sette VVOG oan en liken de Boys it lit op 'e noas te krijen doe't de thúsploech yn de slotfaze 2-2 kaam. Jorco van Hezel besoarge de Harkiten yn de slotsekonden dochs noch de trije swierbefochten punten.

Troch de winst komt Harkemase Boys no op 12 punten út 5 wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)