Harkemase Boys wint wer

18 sep 2010 - 17:18

Harkemase Boys hat sneon de fjirde winst pakt yn 'e topklasse. ARC waard yn Alphen aan den Rijn mei 4-2 oan de kant set. Martijn Barto sette de Friezen op foarsprong, mar ARC kaam foar rêst werom.

Nei de tee waard it 2-1 foar Harkemase Boys troch in frije traap fan middenfjilder Erdem Yeni. Dêrnei rûnen de Harkiten út nei 4-2 troch Fryske doelpunten fan nochris Barto en Oebele Schokker. De Boys stean no op it fjirde plak yn de sneonstopklasse.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)