Harkemase Boys wint mei 9 man

02 feb 2013 - 16:27
  • De trainers Sjoerd Jan Eppinga en Willem Brouwer

Harkemase Boys hat sneon mei 1-0 wûn fan Nunspeet. Op sportpark De Bosk wienen de grutste kânsen foar de Harkiten. Raymond Bolt wie ticht by de iepeningstreffer, mar de keeper fan Nunspeet stie oant twa kear ta yn it paad. Krekt foar rêst in kâns foar Johnsen Bacuna, mar dit kear brocht de peal rêding.

Nei it skoft tekene Heine Uuldriks út de rebound foar de 1-0. Yn in fûle einfaze moasten de Boys mei 9 man fierder, neidat Harvey Bisschop en Jelmer Slager 2x giel krigen. Nunspeet wist lykwols net te profitearjen fan de man-mear-sitewaasje.

De oerwinning is in moaie opstekker foar de Boys, dy't de earste wedstriid fan it nije jier yn jannewaris teloarstellend útein setten mei in 3-0 ferlies tsjin Berkum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)