Harkemase Boys wint mei 4-1

10 okt 2009 - 16:51

Harkemase Boys pakte sneon de twadde oerwinning fan dit seizoen. Yn en tsjin Genemuiden waard mei 4-1 wûn. Mei trije doelpunten wie Jelmer Slager de grutte man by de Boys. By it skoft wie it al 3-1 foar Harkemase Boys troch twa doelpunten fan Slager en ien fan Alwin Kooistra.

Yn de twadde helte makke deselde Jelmer Slager dien wurk en soarge foar de 4-1. De Harekiten hawwe no sân punten út fiif wedstriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)