Harkemase Boys wint mei 3-1 op Urk

07 feb 2015 - 16:57
  • Oebele Schokker komt it fjild op
  • Oebele Schokker

Harkemase Boys wûn sneon de útwedstriid mei 3-1 fan Urk. De Harkiten krigen nei 21 minuten spyljen in doelpunt tsjin, mar de Urker treffer waard ôfkard fanwege hinderjen fan keeper Erick Jansema. Fiif minuten letter wie it op 'e nij raak foar de thúsploech en dit kear telde de goal al. Heine Uuldriks soarge yn de 37e minút foar de lykmakker.

Nei rêst bekroande Oebele Schokker syn rentree by de Harkiten mei in fraaie treffer. Hy sette de Boys op foarsprong. Robin Huisman de Jong tekene 10 minuten letter mei in frije traap foar de einstân.

In kertier foar de ein hie Harkemase Boys rjocht op in penalty, neidat Uuldriks yn it strafskopgebiet ûnderút rûn waard. Yn stee fan de bal op de stip te lizzen, besleat skiedsrjochter Wijma lykwols om in giele kaart te jaan oan Uuldriks foar in schwalbe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)