Harkemase Boys wint mei 3-1

21 aug 2010 - 16:26

Harkemase Boys hat sneon mei 3-1 wûn fan IJsselmeervogels. It is in prachtich begjin foar de Boys dy't foar eigen publyk de earste wedstriid yn de nije topklasse spilen. It is knap wurk want IJsselmeervogels út Spakenburg is de algehiele kampioen by de amateurs. Pas yn de 89e minút kaam de tsjingoal.

Man fan de wedstriid wie Dennis Krohne. Hy is nij by Harkemase Boys. De oerwinning waard entûsjast fierd, as wie it in kampioenskip.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)