Harkemase Boys wint mei 2-0 fan WHC

22 nov 2014 - 16:28
  • Arton Musliu

Harkemase Boys pakte sneon in 2-0 oerwinning op WHC. Op eigen fjild sette Arton Musliu de Harkiten nei 21 minuten spyljen op foarsprong. WHC wie fuort dêrnei ticht by de lykmakker. Op slach fan rêst kamen de Boys op 2-0, mar it doelpunt waard ôfkard fanwege bûtenspul.

Yn de twadde helte wie it opnij Harkemase Boys dat fierwei de bêste kânsen hie. Skotten fan Johnsen Bacuna en Klaas Schotanus koenen noch krekt foar de line keard wurde. Twa minuten foar tiid wie it Musliu dy't mei syn twadde treffer de wedstriid definityf yn it slot smiet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)