Harkemase Boys wint; ferlies ONS

10 okt 2004 - 12:14

Yn de Haadklasse C fan it sneonsfuotbal die Harkemase Boys goeie saken. De Boys wûnen thús mei 5-0 fan Nunspeet troch goals fan de beide âld-Hearrenfean- spilers André van Tuinen (2x) en Tony Albeda (3x). Harkemase Boys hat no tsien punten en sit dêrmei wer by de subtop.

De oare Fryske klup yn dyselde klasse, ONS Snits, stiet ek op tsien punten. Mar dy hiene se al. ONS ferlear yn Hardenberg mei 1-0 fan HHC.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)