Harkemase Boys wint fan ONS

15 nov 2008 - 17:57

De streekderby sneon tusken ONS Snits en Harkemase Boys hat eins nea in wedstriid west. De Harekiten wiene folle better as de Snitsers en wûnen dan ek maklik mei 4-0. De wedstriid wie foar it skoft al beslikke troch twa doelpunten fan Martijn Barto.

Yn de 80e minút wie it deselde Martijn Barto dy't syn tredde doelpunt makke. Patrick Goedhart makke foar de Boys de 4-0. Harkemase Boys is de koprinner fan de haadklasse C mei 23 punten út tsien wedstriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)