Harkemase Boys wint fan Genemuiden

07 nov 2015 - 16:39
  • Bliidskip by Harkemase Boys

Koprinner Harkemase Boys wûn sneon mei 5-2 fan Genemuiden. Op sportpark De Bosk soarge Rolf Dijk foar de iepeningstreffer yn de 22e minút. Dyselde Dijk tekene in kertier letter foar de 2-0. In strafskop op slach fan rêst brocht Genemuiden lykwols wer yn it sadel.

Nei it skoft brochten de gasten út Genemuiden de stân yn lykwicht. Troch in kopbal fan Robert Stelpstra namen de Boys de lieding wer oer. Oebele Schokker smiet de wedstriid yn it slot mei de 4-2. Stelpstra tekene foar de einstân. It is de achtste oerwinning foar de Harkiten.

Troch de winst komme de Harkiten op 24 punten út 9 wedstriden

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)