Harkemase Boys wint fan DETO

18 jan 2014 - 16:31
  • Joël Wagenaar

Harkemase Boys hat sneon yn de earste wedstriid nei de winterstop goede saken dien yn de striid om it earste plak troch mei 2-1 te winnen fan DETO. Yn Vriezenveen skeat Joël Wagenaar de iepeningstreffer yn it net, nei in knappe foarset fan Heine Uuldriks.

Fuort nei rêst foel de lykmakker foar DETO en moasten de Boys op 'e nij op syk nei de foarsprong. Mei syn twadde treffer soarge Wagenaar foar de fertsjinne trije punten.

De ploech fan trainer Willem Brouwer komt troch de winst út op 30 punten út 14 wedstriden, mar stiet noch altyd op it twadde plak. Koprinner AVC wûn thús nammentlik mei 3-1 fan VVOG en hâldt de lieding yn de haadklasse C.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)