Harkemase Boys wint fan ACV

24 apr 2005 - 16:43

Harkemase Boys ha sneontemiddei mei 3-2 wûn fan ACV. Troch it gelykspul fan Excelsior sneon is de kâns op de titel yn de haadklasse C lykwols ferspile. In tal spilers hâldt op by Harkemase Boys, dat is sneon bekend wurden. It giet om André van Tuinen, Daniël Zeldenrust en Jan Roelofsen. Mooglik hâldt Simon Brilstra ek op, dat is noch net wis.

ONS Snits hat sneon mei 0-4 wûn fan Nunspeet. ONS hat him ferline wike al feilich spile yn de haadklasse C.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)