Harkemase Boys wint ek twadde wedstriid fan it seizoen

19 sep 2015 - 16:29
  • Henny Bouius
  • Robert Stelpstra makket de 0-1
  • Keeper Erick Jansema

Harkemase Boys hat sneon de twadde wedstriid fan it seizoen ek omset yn trije punten. Op eigen fjild wûn de ploech fan trainer Jan Vlap mei 3-0 fan Staphorst.

Nei in kertier spyljen soarge Robert Stelpstra foar de iepeningstreffer. Henny Bouius soarge rap dêrnei foar de 2-0. Nei rêst sette Robin Huisman de Jong mei in strafskop de 3-0 op it boerd. De Harkiten koene de wedstriid dêrnei rêstich útspylje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)