Harkemase Boys wint beker

19 maaie 2007 - 23:36

Harkemase Boys hat sneontejûn - krekt as ferline jier - de noardlike amateurfuotbalbeker wûn. Op it eigen sportpark De Bosk waard Be Quick 1887 mei 3-0 ferslein. De doelpunten fan de Boys wiene fan Tony_Alberda, Jelmer_Slager en Bert_Zimmerman.

Nei de degradaasje út de haadklasse in wike lyn en it op non-aktyf setten fan trainer Fritz_Korbach waard der dan dochs noch in priis pakt. De Boys gean no fierder foar de lanlike beker.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)